Samar slein op strjitte

02 apr 2011 - 16:00

Twa jongeren út Smellingerlân binne freed mishannele yn 'e Like yn Grinslân. Dat meldt de plysje yn dy provinsje. De twa fan 14 en 16 jier âld rûnen yn de buert fan in supermerk, doe't se sûnder reden slein en skopt waarden troch trije ûnbekende jongeren fan in jier of 18.

Omdat in foarbygonger tsjin har begûn te razen, naaiden de dieders út. De plysje hat harren noch net fine kind. De twa Friezen koene op it plysjeburo wer wat bekomme fan 'e mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)