Salvesen ferliest grutte klant

12 jan 2004 - 00:00

Distribúsjesintrum Christian Salvesen yn Ljouwert giet mooglik ticht. Dat komt troch it kontrakt mei suvelkonsern Friesland Coberco dat takom jier ôfrint. Salvesen fersoarget it suvelferfier sûnt 1995 nei de oername fan in grut tsiispakhûs op bedriuweterrein De Himrik.

In wurdfierder fan Salvesen sprekt fan in flinke teloarstelling. Der wurdt besocht om nij wurk te finen. It personiel is op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)