Sâltwinning ûnder Waad kin los

09 jul 2011 - 00:59

It Harnzer bedriuw Frisia Zout krijt fergunning foar it winnen fan sâlt ûnder de Waadsee. Dat skriuwt ferantwurdlik minister Verhagen oan de Twadde Keamer. It sâlt sit op sa'n trije kilometer út de kust en sil oanboarre wurde fanút Harns.

Mocht de natuer op it Waad der gjin skea fan ha dan sil de winning op see dy op lân foar in grut part ferfange kinne. It sil net earder as yn 2021 wêze dat de winning op lân hielendal ophâldt, sa skriuwt de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)