Sâltwinning lân noch mooglik

22 feb 2011 - 10:47

It is noch lang net wis dat wier net nei sâlt boarre wurdt yn de grûn by Skingen en Slappeterp. Dat seit foarsitter Gauke Kuiken fan de wurkgroep Sâlt Slappeterp. CDA-minister Verhagen hat moandei sein dat sâltwinning ûnder it Waad yn de takomst syn foarkar hat.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia Sâlt seit dat ek graach te wollen, mar slút net út dat ek noch wûn wurde sil ûnder lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)