Sâltwinning: hegere fergoeding

22 nov 2006 - 14:58

De Rie fan Steate fynt dat grûneigners yn it sâltwinningsgebiet by Pietersbierrum in folle hegere kompinsaasje krije moatte as it ryk fan doel is te beteljen. Frisia Sâlt mei de kommende jierren tolve miljoen ton sâlt út it gebiet helje. De fergoeding dy't de grûneigners krije is mar krekt heger as dy yn 1918.

De Rie fan Steate fynt dat de eigners rjocht ha op in heger bedrach. Se kinne no dêrfoar yn fersyk yntsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)