'Sâltwinning Harns kin wol wer'

24 mrt 2005 - 22:46

De provinsje fynt dat der wer nei sâlt boarre wurde mei yn Noardwest-Fryslân. De winning by Harns wie stilset fanwege grûndelgong. Mar de putten binne ûnder druk set en no is de delgong ta stilstân kommen. De sâltwinning mei no wer fan de provinsje.

Fierders mei der in transportlieding komme nei Kleaster Lidlum foar in nij boarplak. It Ryk jout de úteinlike fergunning ôf. Mocht de lieding der komme dan wol Frisia 'Harns' stopsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)