Sâltwinning goed ûndersocht

16 nov 2010 - 20:35

Frisia Sâlt hat de effekten fan de sâltwinning yn Noard-west Fryslân goed ûndersocht. Dat is de konklúzje fan de MER-kommisje (MER= miljeu-effekt-rapportaazje). Op basis fan dy konklúzjes kin de minister no in beslút nimme oft de sâltwinning trochgean mei en sa ja, wêr't dat dan mei.

De MER toant oan dat sâltwinning ûnder de Waadsee en ûnder polders mooglik is binnen de natuer- en miljeugrinzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)