Sâltsoer-ûndersyk op moandei

12 sep 2010 - 11:54
  • De brânwacht by de Burgumer sintrale (foto: Henk koster 112-nof.nl)

In ûndersyk nei hoe't it koe dat yn de elektrisiteitssintrale fan Electrabel yn Burgum in tank mei 6000 liter sâltsoer lek rekke, begjint net earder as moandei. Meiwurkers ûntdutsen it lek sneontenacht. Doe't se it net ticht krigen, warskôgen se de helptsjinsten. Electrabel lit de tank no kontroleard leechrinne yn de Burgumermar.

Ut mjittings hat bliken dien dat soks net skealik is foar it miljeu, omdat it sâltsoer bot fertinne is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)