'Sâltkoepels net feilich'

01 apr 2003 - 00:00

Tsjin de opslach fan radio-aktyf ôffal yn 'e sâltkoepels by Ternaard is ûnferwachts stipe komme. De provinsjes Limburg, Gelderlân, Noard-Brabân en Flevolân fersette harren no ek tsjin it opbergjen yn klaai- en sâltlagen. Se hawwe dêroer in protestbrief skreaun oan steatssekretaris Van Geel.

Neffens in Europeesk rapport mei nukleêr ôffal inkeld yn geologysk stabile rotsformaasjes lizze. Sâlt- en klaailagen falle dêr net ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)