Salpetersoer frijkaam by FCDF

06 aug 2004 - 10:47

By in steuring by Friesland Coberco Dairy Foods yn Ljouwert is tongersdeitemoarn betiid salpetersoer frijkaam. It guod dat brûkt wurdt om transportliedingen skjin te spielen, kaam troch ûnbekende oarsaak frij.

Op dat stuit wiene der op de ôfdieling gjin minsken. Hoefolle liter salpetersoer der krekt frijkaam is, is net dúdlik. Neffens in wurdfierder wie der gjin gefaar foar de wurknimmers. De brânwacht hat it guod opromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)