Sakelju posityf oer takomst

08 des 2010 - 10:59

Fryske ûndernimmers binne posityf oer de takomst. Dat docht bliken út in enkête. De measte ûndernimmers jouwe oan dat se ferwachtsje yn it lêste kwartaal dit jier en folgjend jier te groeien. Benammen de yndustry komt út de resesje troch eksport.

Yn ferliking mei de lanlike ûndernimmers binne de Fryske sakelju minder posityf. Neffens de Keamer fan Keaphannel hat dat mooglik te krijen mei de nuchterheid fan de Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)