Sakeklup SC Hearrenfean: "Bestjoer moat opstappe"

09 okt 2015 - 14:55

De sakeklup fan Sportklup Hearrenfean wol dat it bestjoer fan Hearrenfean ôfskie nimt fan de klup. Dat skriuwe se yn in brief oan alle sponsoaren. De OSSH hat it Stichtingsbestjoer frege ôfskie te nimmen fan foarsitter Jelko van der Wiel en konsorten. Se fine dat it fierder funksjonearjen gjin sin hat.

Trije bestjoersleden fan de sakeklup fine ek dat it folsleine Stichtingsbestjoer ûnder lieding fan Anne Hettinga opstappe moat. Dat skriuwe de trije leden yn in aparte brief oan it Stichtingsbestjoer sels.

Lês hjir de brief fan it OSSH bestjoer oan de sponsoaren en de brief oan it stichtingsbestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)