Sake Koelma hâldt op by SCO

13 jan 2007 - 13:54

Sake Koelma hâldt oan de ein fan dit seizoen op as haadtrainer fan kuorbalferiening SCO út Aldeholtpea. Neffens him wurdt it tiid foar in nije man dy't de seleksje trochûntwikkelje kin, mooglik rjochting Kuorballeague.

Dat Koelma ophâldt, komt net ûnferwacht. De trainer liet ferline wike nei de wedstriid tsjin Rodenburg al blike dat er der net folle sin mear yn hie. Hy waard doe mei in reade kaart fan it fjild stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)