Sailing World De Lemmer fallyt

17 des 2008 - 12:35
  • bron foto: sailingworld.nl

De rjochtbank fan Ljouwert hat tiisdei it fallissemint útsprutsen fan jachtmakelder Sailing World op 'e Lemmer. It bedriuw waard tolve jier lyn oprjochte en hold him benammen dwaande mei it bemiddeljen yn de ferkeap fan syl- en motorjachten.

Neffens kurator Brink hie it bedriuw slim te lijen fan 'e kredytkrisis wêrtroch de provisy-ynkomsten flink omleech giene. Fierder wurde der neffens Brink op dit stuit net folle boaten ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)