Sail Amsterdam rêden foar seekadetten De Lemmer

11 aug 2015 - 17:49
  • It marineskip fan de Lemster kadetten

De seekadetten fan De Lemmer kinne dochs nei Sail Amsterdam. In sleepboat út Skarsterbrêge sil helpe by de tocht oer de Iselmar. Earst hiene de leden fan de maritime jongereinferiening dêr in oare sleepboat foar ornearre, mar dy lei mei maleur yn Dútslân. En mei mar ien sleepboat kinne se net troch de slûs by Lelystêd. De seekadetten ha yn ferskate media frege om in sleepboat, en dy oprop hat fertuten dien.

It skip dêr't de seekadetten mei nei Amsterdam sille, is in âlde minefeger, dy't se fan de sloop rêden ha. Frijwilligers binne al jierren dwaande mei it opknappen fan it skip. Der sit no in goede motor yn, mar foardat se dêrmei farre meie, moat it skip noch wol goedkard wurde. En dat kostet jild. Dat jild wolle de seekadetten by Sail Amsterdam fertsjinje troch minsken oan board sliepe te litten. Takom jier moat it skip selsstannich farre kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)