Saher Yousef wint yn Stienwyk

25 jun 2006 - 12:20

Hurdrinner Saher Yousef fan it Hearrenfean hat sneontejûn de 15 fan Stienwyk wûn. Yousef rûn de 15 kilometer yn in tiid fan 54 minuten en 29 tellen. Kosta Poltavets waard twadde op 18 tellen. Wolter van der Veen fan Stienwyk kaam as tredde oer de streek.

By de froulju wûn Petra Hasper fan Meppel yn in tiid fan 1 oere, 3 minuten en 37 tellen. Yvonne Kassenberg fan Burgum waard twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)