Sahar mei foarearst bliuwe

20 jan 2011 - 13:57

It Afgaanske famke Sahar (14) mei earst yn ús lân bliuwe. De rjochtbank yn Den Bosch hat tongersdei bepaald dat minister Leers fan ymmigraasje en asyl in nij beslút nimme moat oer de asyloanfraach fan Sahar en har famylje. Oant dat safier is meie Sahar en har gesin net weromstjoerd wurde nei Afganistan.

Sahar wennet mei har heit, mem en twa broerkes yn it AZC yn Sint Anne. Oant no ferlearen se alle prosedueres. Minister Leers reagearret freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)