Sachter wetter yn SE-Fryslân

15 okt 2005 - 10:32

It drinkwetter yn de súdeasthoeke fan Fryslân wurdt de helte sachter. Dat komt trochdat wetterbedriuw Vitens in nije ûnthurdingsynstallaasje yn gebrûk naam hat op it wetterproduksjebedriuw Aldeholtpea. It sachte wetter sil him fan de lokaasje ôf stadichoan ferspriede yn it leveringsgebiet.

Foar ynwenners fan it gebiet betsjut it dat se minder lêst ha sille fan kalkoanslach en dat se minder waskmiddel hoege te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)