Sábliková wer de bêste

12 mrt 2010 - 18:44
  • Renate Groenewold (foto: KNSB)

Martina Sábliková hat yn Thialf opnij de wrâldbeker op de lange ôfstannen wûn. De Tsjechise, Olympysk kampioene op de 3000 en 5000 meter, wûn by de finalewedstriid de 3000 meter yn 4.06,25. De Dútse froulju Anschütz en Beckert waarden twadde en tredde. Foar it fjirde seizoen op rige hat Sábliková no de wrâldbeker wûn.

Renate Groenewold naam ôfskie fan it topreedriden mei in fiifde plak yn 4.09,74. Elma de Vries waard teloarstellend fjirtjinde yn 4.15,96.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)