Saakstra werom as foarsitter LPF

11 jul 2003 - 00:00

Foarsitter Rients Saakstra fan de Lijst Pim Fortuyn kin werom komme as foarsitter fan de LPF-Fryslân. Saakstra waard twa wiken lyn troch it haadbestjoer fan de partij op in sydspoar set nei't er syn ûnfrede utere hie oer de gong fan saken binnen de LPF.

Oanlieding wie it optreden fan de partij-bestjoerders Maas en Hammerstein, dy't twa leden fan it haadbestjoer fuortstjoerd hiene. De problemen soene no útpraat wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)