Saak Wisman nei hôf Ljouwert

10 okt 2007 - 14:41
  • It Ljouwerter gerjochtshôf

It Ljouwerter gerjochtshôf sil it heger berop behannelje fan de man dy't feroardiele is foar de moard op Suzanne Wisman(12) út 2e Exloërmond. De earste sitting is op 28 novimber, mar omdat noch fierder ûndersyk dien wurdt, wurdt de saak dan net ynhâldlik behannele.

De fertochte(46) út Nieuw Buinen krige fan de rjochtbank yn Assen 20 jier selstraf en TBS. Justysje en de fertochte giene beide yn heger berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)