Saak-Wester mooglik ôfsluten

17 apr 2007 - 12:13
  • It hûs fan Willy Wester yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren

It ûndersyk yn de saak-Wester wurdt takom wike ôfsluten, ferwachtet justysje. Willy Wester waard trije wike ferlyn dea oantroffen. Har man waard sjoen as haadfertochte, mar hy die himsels te koart yn de finzenis.

Neffens justysje binne der gjin oare fertochten. Op dit stuit wurde ferklearrings fan tsjûgen en kompjûtergegevens út it hûs fan 'e fertochte ûndersocht. Justysje makket dêr takom wike mear oer bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)