Saak-Vandenbussche útsteld

11 maaie 2005 - 16:02

De rjochtbank yn Brugge hat tiisdei gjin útspraak dien oer in mishanneling, dêr't Heerenveen-keeper Brian Vandenbussche by belutsen west ha soe. De útspraak is útsteld oant 21 juny.

Vandenbussche ûntkent dat er yn septimber 2002 in man troch in rút treaun hat. Hy wie wol belutsen by de oanlieding foar de fjochterij. It slachtoffer rûn snijwûnen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)