Saak Vaatstra: twa nije nammen

13 maaie 2006 - 00:00

Der binne twa nije nammen neamd as mooglike dieder yn de moardsaak Marianne Vaatstra. It giet om in man út Fryslân en om in man fan bûten de provinsje. Dizze persoan wenne hjir wol yn de perioade fan de moard.

Dat sei Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn sneon. Hy wie by de famylje Vaatstra op besite en hat mei Bauke Vaatstra it plak fan de moard opsocht. Opfallend is dat ien fan de tips oer in dieder by de plysje sels weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)