Saak Vaatstra oant no ta

26 mrt 2013 - 16:51
  • Jasper S. rjochtsaak yn de moard op Marianne Vaatstra

Tongersdei om 9.30 oere begjint de rjochtsaak yn de moard op Marianne Vaatstra. In saak dy't al hast 14 jier rint. Op 1 maaie 1999 wurdt it lichem fan de 16-jierrige Marianne Vaatstra fûn yn in stik greide by Feankleaster. Se is wreed fermoarde en ferkrêfte. De jierren dêrnei komt de saak geregeld wer yn it nijs, mar de dieder wurdt net fûn.

Yn de hjerst fan 2012 wurdt in grutskalich DNA-ûndersyk start en hjirút komt Jasper S. as fertochte nei foaren. Op snein 18 novimber wurdt hy oanhâlden. Tongersdei komt er foar de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)