'Saak Vaatstra goed ûndersocht'

29 apr 2006 - 00:00

De spoaren yn it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra binne út en tenei ûndersocht. Dat seit parseoffisier Mous fan it Iepenbier Ministearje. Neffens âld-ryksresjersjeur Akerboom binne spermaspoaren net goed ûndersocht. Ek soe in grut dna-ûndersyk ûnder plysjeminsken skrast wêze, omdat guon plysjeminsken wegeren om mei te wurkjen.

Mous bestriidt dat. Der wie gjin reden foar sa'n ûndersyk, sa seit Mous.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)