Saak-trouamtner foar rjochtbank

15 maaie 2003 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinne tongersdei de saak-Eringa. Nynke Eringa wol har baan as trouamtner by de gemeente werom hawwe. Fraach is no oft minsken dy't om godstsjinstige redenen homohouliken wegerje trouamtner wêze kinne.

Nei de wegering fan Eringa ferlingde de gemeente Ljouwert har kontrakt net. De saak hat alris earder foar de rjochter west, mar noch altyd hat Eringa har baan net werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)