Saak swartrider wer útsteld

24 feb 2004 - 00:00

De saak tsjin de swartrider is tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert wer útsteld. Earder gie de saak net troch om't de fertochte foar in oar misdriuw fêstsiet en justysje it ferfier fan de man net op 'e tiid regele hie.

No is de saak útsteld om't der in brief net ferstjoerd is. It IM hat de útsette man gjin daging op syn nije adres yn Joegoslavië stjoerd. Hy wurdt fertocht fiif kear mei de trein reizge te hawwen, wylst er al in treinferbod hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)