Saak Stynsgea: wurkstraffen

07 okt 2008 - 16:35

De trije fertochten yn de sedesaak Stynsgea ha in wurkstraf krigen fan elts 50 oeren. Twa jonges fan 15 en ien fan 13 ha yn 2006 in doarpsgenoat fan doe 14 jier yn in keet ferkrêfte. De trije fertochten binne no 16 en 17 jier.

De eask wie tachtich oeren wurkstraf en in skeafergoeding fan 2000 euro. De straf falt minder heech út omdat de saak al in pear jier duorret en der boppedat ek flaters makke binne by it plysje-ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)