Saak stekpartij foar rjochter

20 jul 2004 - 09:57

De fertochte fan de stekpartij op in skoalle op It Hearrenfean moat tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine. De 14-jierrige jonge fan It Hearrenfean soe ein maart in 17-jierrige learling fan De Jouwer op it skoalplein delstutsen ha.

De lêst is besykjen ta moard of besykjen ta deaslach. De sitting is achter sletten doarren om't de fertochte minderjierrich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)