Saak Smedema spilet noch bot

30 des 2010 - 15:34

De dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum hâldt syn âlders en freonen noch alle dagen dwaande. Redmar ferstoar yn april fan dit jier oan de gefolgen fan in pear klappen dy't er krige by in fjochtpartij yn Club Q.

Wiken letter hold de plysje in tal jonges út doarpen út de omkriten fan Burgum oan, op fertinking fan belutsenheid by de dea fan Redmar. Sy binne yn ôfwachting fan har rjochtsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)