Saak Sietske H. foar Hôf

27 sep 2012 - 13:10

It Hôf behannelet tongersdei de heger beropsaak yn 'e saak Nij Beets. Nei alle gedachten komt der dan antwurd op de fraach wêrom't Sietske H. fan Nij Beets har fjouwer poppen om it libben brocht hat. Se is ûndersocht troch in psychiater, psycholooch, traumalooch en in neurolooch dy't mei in unanym oardiel komme.

Sietske H. is in wike lang observearre yn de TBS klinyk yn Rekken. Yn 'e simmer fan 2010 komt oan it ljocht dat de doe 26-jierrige Sietske H. fan Nij Beets har fjouwer poppen om it libben brocht hat.

De toskedoktersassistinte rekke tusken 2003 en 2009 fjouwer kear yn ferwachting. Se wist dat foar de bûtenwrâld geheim te hâlden en befoel alle kearen thús yn har âlderlik hûs yn Nij Beets. De lykjes bewarre se yn koffers op souder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)