Saak Ooms is oplost

22 jun 2007 - 12:26
  • Wa't Ooms om it libben brocht hat, is net dúdlik, mar de saak is oplost.

De plysje en it Iepenbier Ministearje geane der fanút dat se de moard op Marinus Ooms oplost ha. Dochs witte se noch net krekt wa't Ooms yn oktober ferline jier yn syn hûs yn Haulerwyk oerfallen en om it libben brocht hat.

Trije fertochten sitte noch fêst. Twa dêrfan ha in ferklearring ôflein, mar ien fan de trije wol net yn detail op de saak yngean. Dêrtroch is noch net wis wa no krekt wat dien hat. Jild wie it motyf foar de moard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)