Saak-Mûnein bliuwt riedsel

17 okt 2011 - 11:04

In oprop fan de plysje foar foto's of filmkes fan in mishanneling yn Mûnein hat neat opsmiten. Yn de nacht fan sneon op snein fûn de plysje nei in melding in swier ferwûne man by in kafee oan de Dokter Kijlstrawei. Hy wie troch in ûnbekende persoan stutsen doe't er bûtendoar kaam.

De dieders naaiden nei de stekpartij út. De plysje hat noch gjin idee om wa't it giet en hopet dêr mei tsjûgen achter te kommen. It slachtoffer is bûten libbensgefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)