Saak Monsma foar rjochter

04 apr 2011 - 10:58
  • Foto: Gijsbert Zijlstra

In opmerking oer syn heit wie foar in 25-jierrige Dokkumer reden om juny ferline jier de 24-jierrige Suzanne Monsma mei in moker dea te slaan. Dat ferklearre de fertochte moandei foar de Ljouwerter rjochtbank. De man hie it slachtoffer frege mei te gean nei it Tolhuispark yn Dokkum. Dêr sieten se mei elkoar te praten en te blowen.

Doe't de frou wat sei oer syn heit, waard de Dokkumer sa lulk, dat er in moker út syn tas pakte en dêrmei op har yn sloech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)