Saak Kournikova foar rjochter

20 jun 2001 - 00:00

De makker fan it Kournikova-firus út Snits moat yn septimber foar de plysjerjochter komme. It wurdt de earste saak tsjin in kompjûterfirusmakker. It iepenbier ministearje ferwyt de Snitser 'it mei sin fersprieden fan gegevens yn netwurken mei it oanrjochtsjen fan skea as doel'.

De Snitser fersprate it Kournikova-firus yn febrewaris ûnder de namme 'OnTheFly'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)