Saak Kooistra op 18 novimber

31 okt 2008 - 10:24

De fertochte (18) yn de saak Niels Kooistra moat 18 novimber foar de rjochter komme. De jonge stuts yn de nacht fan 1 op 2 augustus yn de Ljouwerter wyk Cammingaburen Kooistra (28) del nei in rúzje.

Kooistra rekke ferlamme en joech in pear wike letter oan dat er net fierder libje woe. Hy keas foar eutanasy. Dat makket de rjochtsaak bysûnder. It is de fraach at de fertochte wol ferantwurdlik steld wurde kin foar de dea fan Kooistra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)