Saak-Igli: twa hússikings

10 apr 2008 - 09:37
  • der binne twa hússikings dien yn de saak Igli

Yn it ûndersyk nei de dea fan de Ljouwerter Tevfik_Igli ha woansdei yn Ljouwert twa hússikings west. Yn it hûs en de broadsjesaak fan 'e fertochte binne stikken klean fûn. Dy binne meinaam foar ûndersyk. Earder binne ek al kompjûters en stikken klean meinaam foar ûndersyk.

Tevfik_Igli waard yn febrewaris deasketten op de Grientemerk yn Ljouwert. Deselde deis waard in fertochte (42) oppakt, mar dy ûntkent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)