Saak Ida Klijnstra weriepene

28 feb 2013 - 21:11

It ûndersyk nei de moard op Ida Klijnstra út De Blesse wurdt opnij iepene. Nij DNA-ûndersyk is ien fan de redenen. Sûnt in oantal wiken binne resjersjeurs opnij dwaande mei de saak. It is de bedoeling dat it team ek nije tsjûgen heart.

Ida Klijnstra waard op 23 juny 2008 yn har hús yn De Blesse deasketten. Har man, Benny Klijnstra, hat in beleanning fan 80 tûzen euro útskreaun foar de gouden tip yn dizze saak. Hy is bliid dat de plysje de saak opnij tsjin it ljocht hâldt.

Justysje seach in ynwenner fan Frjentsjer as haadfertochte. Dy die him lykwols in pear dagen nei de moard sels tekoart. Syn 29-jierige soan út Wolvegea soe ek by it misdriuw belutsen wêze. It Iepenbier Ministearje koe dêrfoar lykwols net genôch bewiis fine. De man is dêrom wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)