Saak-Haanstra foar rjochter

16 jul 2012 - 16:37

Foar de rjochtbank fan Ljouwert waard moandei de rjochtsaak oer de saak Haanstra behannele. Hannie Haanstra waard yn septimber ferline jier deabeukt by in fjochtpartij op de Drachtster Robijnekamp. Twa soannen en har heit steane terjochte. De saak tsjin de jongste fertochte waard moarns achter sletten doarren behannele omdat er noch mar 17 is. De oare soan en de heit stiene middeis foar de rjochter.

De rjochtbank wiisde in fersyk om beide saken oan te hâlden ôf. It fersyk kaam fan beide advokaten omdat it ûndersyk noch net klear wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)