Saak ferlern: Stichting PGB-skeaclaim hâldt der mei op

26 nov 2015 - 16:33

De stichting PGB skeaclaim hâldt der mei op. Fierder prosedeare is kânsleas, seit Eric van der Goot fan de stichting. Dat betsjut dat soargferlieners dy't har salaris út in Persoons Gebonden Budget krije moatte, mar net betelle wurde, gjin presjemiddel ha om de útbetelling fan it lean ôf te twingen. Dat is net rjochtfeardich, seit Van der Goot.

Hy is ek advokaat fan de frou út Frjentsjer, dy't in rjochtsaak oanspande tsjin de Sociale Verzekerings Bank, omdat se gjin salaris krigen hie.

Nei oanlieding fan dizze saak waard de stichting PGB-skeaclaim oprjochte. Yn earste ynstânsje wûn de Frjentsjerter frou de saak, mar yn heger berop bepaalde de rjochter dat der gjin sprake is fan in arbeidsrelaasje tusken de Frjentsjerter frou en de Bank. De frou woe tsjin de útspraak yn kassaasje gean by de Hege Ried, mar omdat in ekspert no seit dat dat kânsleas is, sjocht de Frjentsjerter frou der mar fan ôf. De saak is ferlern, en dêrom hâldt de stichting PGB-skeaclaim der no ek mei op.

Minsken dy't rjocht ha op PGB-jild en yn de problemen komme trochdat se gjin lean krije, moatte no wachtsje op de kompensaasjeregeling dêr't steatssiktaris Martin van Rijn mei dwaande is. Advokaat Eric van der Goot hat dêr lykwols gjin betrouwen yn. "Dan wordt er maar een klein deel vergoed," seit er, "en alleen maar achteraf. Je moet een drukmiddel hebben. Dat hebben alle andere werknemers ook."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)