Saak Eastrum wer foar hôf

15 sep 2010 - 11:22

De ferkrêftingssaak fan Eastrum wurdt woansdei op 'e nij behannele yn in heger berop yn Ljouwert. It hôf feroardiele yn 2008 in Grinzer ta in selstraf fan 2,5 jier. Hy soe yn 2006 in famke (doe 13 jier) by Eastrum ferkrêfte ha. De man hat altyd ûntkend.

De Hege Ried hat ferline jier besletten dat it Gerjochtshôf de saak op 'e nij behannelje moat. Dat bart op oantrunen fan advokaat Tjalling van der Goot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)