Saak Eastrum wer besjen

09 sep 2009 - 12:23
  • It Hôf moat de saak opnij besjen

It Ljouwerter gerjochtshôf moat him opnij bûge oer de saak fan it misbrûk fan in famke út Eastrum. De saak spile hast trije jier lyn. It slachtoffer wie doe 13 jier. It gerjochtshôf hie de fertochte (36) feroardield ta tritich moannen sel.

Neffens de Hege Ried hat it gerjochtshôf in fersyk om in DNA-ûndersyk ôfwiisd sûnder dêr in goede reden foar te jaan. Dêrom hat de Hege Ried tiisdei besluten dat it gerjochtshôf de saak opnij besjen moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)