'Saak earmerkboeren regelje'

17 feb 2014 - 15:11
  • Lutz Jacobi
  • Thom de Groot

Der moat sa gau mooglik in goeie alternative regeling komme foar earmerkwegerders. Sokke alternativen binne al jierren foar hannen, mar der wurdt neat mei dien en dat is ûnakseptabel. Dat seit PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi nei oanlieding fan de opskuor by it yn beslach nimmen fan fee fan earmerkwegerder Thom de Groot fan Goattum, ferline wike, en it ferbod op it ferfier fan fee by alle earmerkwegerders yn Fryslân.

Jacobi is lulk oer hoe't dizze boeren behannele wurde. Se hat regelmjittich kontakt mei ferskate earmerkwegerders.

De opskuor fan ferline wike yn Goattum by de pleats fan Tom de Groot lit it Wergeaster keamerlid Jacobi net ûnferskillich, sa seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)