Saak Dingsdag seponearre

18 sep 2009 - 16:49
  • Gjin ûndersyk nei slaande beweging

De oanklager betelle fuotbal docht gjin fierder ûndersyk nei ferdigener Micheal Dingsdag fan Hearrenfean. Dingsdag soe ôfrûne sneon by de thúswedstryd tsjin FC Grins in slaande beweging makke hawwe nei tsjinstander Tim Matavz. Omdat der net genôch oertsjûgjend bewiis is, is de saak seponearre.

Dingsdag mei snein net meispylje tsjin FC Twente. Hy is ien wedstryd skorst omdat er tsjin Grins twa giele kaarten krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)