Saak De Vries foar it hôf

27 mrt 2014 - 10:41

It gerjochtshôf yn Ljouwert behannelet tongersdei it heger berop yn de moardsaak Murkje de Vries fan Koatstertille. De fertochte (49) fan De Harkema stiet op 'e nij foar de rjochter. Hy waard yn 2009 feroardiele ta in selstraf fan 24 jier foar it deasjitten fan Murkje de Vries yn 2008. Neffens syn advokaat soe de man ta syn died kaam wêze om't er in agressive reaksje hie op it anti-depressivum Paroxetine. De advokaat easket dêrom frijspraak.

By de sitting binne ûnder oare de susters fan it slachtoffer oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)