Saak brânmerken hynders útsteld

09 mrt 2006 - 17:48

In rjochtsaak oer it brânmerken fan Fryske hynders by de rjochtbank yn Ljouwert is woansdei net trochgien om't de rjochter en de hynstefokker mekoar koene. De fokker út Terwispel moat no wachtsje op in oare rjochter. De rjochter herkende de man om't dy krektlyn by in keuken by him pleatste.

De hynstefokker hat yn 2004 in hynder brânmerkt om in proefproses út te lokjen. It brânmerken is al yn 2001 ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)