Saak ATF: 4 ekstra sittingsdagen

29 nov 2006 - 20:49

De strafsaak tsjin de direkteuren fan de eardere ôffalferwurker ATF yn Drachten duorret folle langer as de bedoeling wie. De rjochtbank hat woansdei op de tredde dei besluten om noch ris fjouwer ekstra sittingsdagen yn te plannen.

Op 12 en 13 desimber wurdt ynhâldlik op de saak yngien. Op 20 en 21 desimber is it pleidoai fan de ATF advokaten. Ein jannewaris stean der noch twa dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)