Saak Alves: gjin boete H'fean

31 okt 2008 - 17:51
  • Afonso Alves

De tuchtkommisje fan 'e KNVB hat Hearrenfean frijsprutsen yn de saak Afonso Alves. De tuchtkommisje dûkte yn de saak omdat it der op like dat Hearrenfean en AZ gebrûk makken fan tsjinsten fan spilersmakelders sûnder lisinsje. Hearrenfean hat yn de saak net yn striid mei de regels hannele.

AZ komt der minder goed foarwei. De klub út Alkmaar moat de KNVB in boete fan 25.000 euro betelje. AZ tekene ferline jier in kontrakt mei twa saakwaarnimmers sûnder papieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)