Saak: Al trije jier rydbewiis kwyt, mar is dit terjochte?

12 jan 2016 - 09:45
  • Rydbewiis

De Ried fan Steat sil tiisdei gear oer it rydbewiis fan in 25-jierrige man út Dongeradiel. It rydbewiis fan de man is trije jier lyn ynlutsen, nei't de plysje harddrugs yn syn hûs fûn. Nei ûndersyk troch in dokter fan it CBR moast de man syn rydbewiis ynleverje om't it gefaarlik is om mei drugs te riden.

Neffens de man is hy nea mei drugs op achter it stjoer sitten gien. Mei in twadde ûndersyk troch in oare saakkundige is troch it CBR en de rjochter neat dien.

Neffens syn advokaat, Erik van der Goot, is dat te koart troch de bocht en kin it in soad gefolgen ha as allinnich de dokter fan it CBR ûndersyk dwaan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)